Badkeamer ôfkitte
De kitfoegen yn jo badkeamer soargje derfoar dat der gjin wetter yn de flier of muorren lekke kin. It ôfkitten moat dêrom tige soarchfâldich dien wurde. Om skimmelgroei tsjin te gean, is it kiezen fan de juste kitsoart belangryk.
As jo Kitservice Friesland ynskeakelje foar it kitten fan jo badkeamer, krije jo garandearre in prachtich resultaat en gjin lekkaazjes.
Wêrom’t it goed moat
It kitten fan de badkeamer is in klus dy’t noch wolris ûnderskat wurdt. Sa moat derfoar soarge wurde dat de ûndergrûn foldwaande skjin en drûch is. Oars sil de kit net goed hechtsje en sille der lekkaazjes ûntstean.
Dêrneist is it belangryk om te witten hokker kit jo it bêste brûke kinne. Sa is der spesjale kit foar tegels, mar ek foar bygelyks in akrylbad. Gebrûk fan de ferkearde kit kin liede ta beskeadiging oan de ûndergrûn.
Focht en sjipperesten jouwe skimmel
De kitfoegen yn de badkeamer krije deistich flink wat wetter mei sjipperesten te ferwurkjen. Dit kin fersmoarging en skimmelgroei feroarsaakje wat ferkleuring jout en boppedat ûnhygiënysk is. Ek sil de kitfoech op den duer begjinne te lekken, wêrtroch’t der skea ûntstean kin oan de ûnderkonstruksje. Stevige reparaasjekosten en ûngemak binne it gefolch.
Troch de juste kitsoart te brûken wurdt skimmelgroei tsjingien. Troch alle kitfoegen superstrak oan te bringen foarkomme wy dat der ûnnoadich wetter mei sjipperesten op de kitfoegen stean bliuwt.
Goed kitwurk falt net op
In badkeamer fakkundich ôfkitte foarkomt net allinnich lekkaazjes, it soarget ek foar in kreaze en fersoarge útstrieling dy’t jo keuken strielje lit. It grutste komplimint dat wy krije is noch altyd dat it kitwurk (hast) net opfalt!
Sels dwaan of dwaan litte?
Mooglik tinke jo dat jo it kitten fan de badkeamer sels wol dwaan kinne, mar meastal is it dochs ferstanniger om in profesjonal yn te skeakeljen. In profesjoneel kitbedriuw wit nammentlik krekt hokker kit der brûkt wurde moat. Troch it gebrûk fan de goede materialen en profesjoneel ark, wurde de kitfoegen oeral superstrak en bliuwe langer goed.
Perfeksje fan de earste oant de lêste kitfoech
As jo sels oan de slach gean, is de kâns grut dat de earste kitfoegen wat minder moai binne, jo moatte der ommers “even ynkomme foardat it lekker giet”. Mei’t wy dei yn dei út oan it kitten binne, wurde alle kitfoegen fanselssprekkend perfekt.
Besparje tiid en muoite
Troch jierrenlange ûnderfining hoege wy net mear lang nei te tinken hokker kit wy brûke en hoe’t wy dy it bêste oanbringe. Wy gean fuort oan ’e slach. It kitten sels dogge wy, troch it brûken fan profesjonele kitten en ark, folle flugger as wannear’t jo it dogge.
Mei’t de kitfoegen langer goed bliuwe, besparje jo tiid en kosten op iertiidse reparaasjes en ferfanging. Koartsein: troch Kitservice Friesland yn te skeakeljen besparje jo hiel wat tiid en muoite.
Sunich mei grûnstoffen, better foar it miljeu
By partikulieren ferdwynt nochal wat kit yn de kliko. Restanten wurde wol bewarre foar letter gebrûk, mar as it safier is blykt de kit faak útdrûge te wêzen en is dus ûnbrûkber. De profesjonele kitter kin de kit dy’t oerbliuwt gewoan wer brûke by de folgjende klussen. Wol sa miljeufreonlik.
Dit wurket ek kostebesparjend, jo betelje allinnich de kit dy’t brûkt wurdt, net wat der oerbliuwt.
Ferfangen fan besteande kitfoegen
As kitfoegen beskimmele binne, kinne se begjinne te lekken. Ferfangen fan de kitfoegen is dan de iennichste oplossing. De âlde kitfoech moat hielendal ferwidere wurde, sûnder de ûndergrûn te beskeadigjen, wêrnei’t it nije kitfoech oanbrocht wurde kin. De nije kitfoech sil jo badkeamer wer beskermje tsjin lekkaazje en der fris útsjen.
Foar it ferfangen fan de kitfoegen kinne jo it bêste in profesjoneel kitbedriuw as Kitservice Friesland ynskeakelje. Jo binne dan wis fan it moaiste resultaat en genietsje langer fan in strieljende frisse badkeamer.
Beweech de pylkjes op de foto nei links om te sjen wat in ferskil it ferfangen fan beskimmele kitfoegen makket.
Veelgestelde vragen (FAQ)
Kitservice Friesland ûntsoarget
By Kitservice Friesland is al it kitwurk oan jo badkeamer yn profesjonele hannen. Nim kontakt op en wy komme by jo del foar in saakkundich advys. Dêrnei krije jo oin priisopjefte mei in dúdlike omskriuwing fan de wurksumheden. Sa witte jo yn it foar presys wêr’t jo oan ta binne. By akkoart meitsje wy in ôfspraak wannear’t de klus útfierd wurde sil.
It wurkplak wurdt krekt like skjin of skjinner achterlitten as dat dy wie foar de klus. Fansels jouwe wy ek saakkundich advys oer hoe’t jo de kitfoegne it bêste ûnderhâlde kinne.
Kitservice Friesland ûntsoarget jo fan begjint oant ein op it mêd fan kitten en kitfoegjen.