Oer Kitservice Friesland

By Kitservice Friesland binne jo wis fan profesjoneel kitwurk dat mei omtinken foar detail oanbrocht wurdt. Mear as 15 jier ûnderfining yn kitôftichtingen soarget derfoar dat jo opdracht nei folle tefredenens útfierd wurdt.
Foarôfgeand besprekke wy mei jo hoe’t jo karwei it bêste oanpakt wurde kin. Hjirby is alle romte foar eigen ynbring, sa as bygelyks in spesifike kleur of ôfwurking fan de kitfoech. Ek as der guon saken binne dêr’t rekken mei holden wurde moat by it útfieren, hearre wy dat graach.

Jo krije, foardat der kitten wurdt, altyd in priisopjefte en wy meitsje in dúdlike ôfpsraak oer wannear’t it karwei útfierd wurde sil.
Ek goed om te witten: it wurkplak wurdt krekt like skjin en opromme efterlitten as dat dit wie foar’t it wurk begûn.

Kitservice Friesland is in ienmanssaak fan Eric Aukes. Eric is Kitservice Friesland begûn om topkwaliteit yn kitwurk leverje te kinnen foar partikulieren, FfE’s en bedriuwen. Eric is VCA-sertifisearre, dus jo karwei wurdt altyd feilich en miljeufreonlik neffens de lêste ynsjoggen útfierd.

kitbedrijf-waadhoeke-voor-particulieren

Kitservice Friesland makket it ôf!