Ynfra en Miljeu kitfoegen

By ynfrastruktuer en miljeu wurde ekstra easken steld oan de robústens fan de kitfoegen. Gemyske stoffen en waarsynfloeden meie gjin neidielich effekt hawwe op de ôftichting. Kitservice Friesland soarget foar in kwalitative, goeie ôftichting neffens de jildende rjochtlinen.

Floeistoftichte of floeistofkearende kitfoegen

Floeistofticht of floeistofkearend kitwurk wurdt foaral tapast yn:

  • garaazjeflierren
  • waskplakken
  • parkeargaraazjes
  • tankstasjons
  • feestâlen
  • petrogemyske yndustry

Dizze foegen moatte ûnder swiere kondysjes resistint wêze tsjin gemikaliën, oalje, fetten, waarsynfloeden of bygelyks organyske stoffen.

Floeistoftichtenssertifikaat

As jo bedriuw mooglik grûnfersmoargjende wurksemheden ferrjochtet, moatte jo in floeistoftichtenssertifikaat toane kinne. Hjirfoar moatte foegen ôftichte wurde neffens de NRB (Nederlandse Richtlijn Bodembescherming). Kitservice Friesland kin dizze spesjalistyske ôftichting neffens dizze rjochtline foar jo útfiere. Sa binne jo fersekere fan kwaliteitswurk en kinne jo mei in gerêst hert in floeistoftichtenssertifikaat oanfreegje.

Fisuele kontrôle nedich?
It sertifikaat is 6 jier jildich. Om de goede wurking fan de foech te garandearjen moat de flier alle jierren fisueel kontrolearre wurde op skuorren en oare mankeminten troch bygelyks swier ferkear. Kitservice Friesland kin dizze kontrôle foar jo útfiere.

vloeistofdicht-kitten-oplagtanks-calamiteitenbakken

Opslachtanks en kalamiteitebakken

By opslachtanks, bassins en silo’s dy’t meastentiids fan stiel binne, hawwe wy faak te krijen mei ferskillende materialen yn de ôfwurkingen. De foech tusken wand en flier bygelyks, mar ek trochfoeren en mangatten. Dy moatte profesjoneel ôftichte wurde om in kontrolearbere situaasje te meitsjen dy’t feilich is.

Kitvoegen-infrastructuur-vluchtheuvel

Ynfrastruktuer

Ek binnen de wegebou binne ferskate kitapplikaasjes nedich. Tink oan foegen by brêgen, fiadukten en tunnels. Mar ek by ferkearsdrompels soargje kitfoegen foar in robúste ôftichting dy’t de waarsomstannichheden en it ferkearsgeweld lange tiid trochsteane.
Kitservice Friesland hat foar elke útdaging de goeie oplossing.

Kitservice Friesland makket it ôf!