Flierren en plinten ôfkitte

De kitfoegen tusken plinten en flierren soargje derfoar dat der by it dweiljen gjin wetter ûnder de flier of achter de plinten komme kin. Ek foarkomt it ophoopjen fan stof, wat it skjinmeitsjen in stik makliker makket. Om’t de kitfoegen faak hiel lang binne, is strak kitte in ekstra útdaging. As jo Kitservice Friesland ynskeakelje, krije jo garandearre in prachtich resultaat en gjin lekkaazjes.

Wêrom’t it goed moat

vloer-hout-kitvoeg

It kitten fan de plinten en flierren soarget foar in langere libbensduer fan de flier. Troch de grutte lingten fan de kitfoegen is it gjin ienfâldige put. Ek is it belangryk om de juste kitsoart te brûken. Ferkearde kit begjint op en den duer te skuorren (troch krimpen en útsetten fan de plint) en ferliest dêrtroch syn beskermjende wurking.

Stof yn ûnberikbere hoekjes

Stof giet it leafst dêr dêr’tst mei dweil en stofsûger net maklik komst. Under de plint is sa’n plak. Troch it stof kinne skimmels en baktearjes mar raak groeie. Troch fakkundich in kitfoech oan te bringen, slútst de naad ûnder de plint hermetysk ôf. Skjinmeitsjen (en skjinhâlden) wurdt in stik makliker!

Goed kitwerk falt net op

In flier fakkundich ôfkitte foarkomt net allinnich ûnhygiënyske situaasjes, it soarget ek foar in kreaze en fersoarge útstrieling dy’t jo flier strielje lit. It grutste komplimint dat wy krije is noch altyd dat it kitwurk (hast) net opfalt!

 

Sels dwaan of dwaan litte?

vloeren-marmer-wit-kitvoeg

Mooglik tinke jo dat jo it kitten fan de plinten en flierren sels wol dwaan kinne, mar meastal is it tûker om in profesjonal yn te skeakeljen. In profesjoneel kitbedriuw wit presys hokker kit der brûkt wurdt moat. Troch it gebrûk fan de goede materialen en profesjoneel ark, wurde de kitfoegen altyd superstrak en bliuwe se langer goed.

Perfeksje fan de earste oant de lêste kitfoech

As jo sels oan de slach gean, is de kâns grut dat de earste kitfoegen wat minder moai binne, jo moatte der ommers “even ynkomme foardat it lekker giet”. Mei’t wy dei yn dei út oan it kitten binne, wurde alle kitfoegen fanselssprekkend perfekt.

Besparje tiid en muoite

Troch jierrenlange ûnderfining hoege wy net mear lang nei te tinken hokker kit wy brûke en hoe’t wy dy it bêste oanbringe. Wy gean fuort oan ’e slach. It kitten sels dogge wy, troch it brûken fan profesjonele kitten en ark, folle flugger as wannear’t jo it dogge.

Mei’t de kitfoegen langer goed bliuwe, besparje jo tiid en kosten op iertiidse reparaasjes en ferfanging. Koartsein: troch Kitservice Friesland yn te skeakeljen besparje jo hiel wat tiid en muoite.

Sunich mei grûnstoffen, better foar it miljeu

By partikulieren ferdwynt nochal wat kit yn de kliko. Restanten wurde wol bewarre foar letter gebrûk, mar as it safier is blykt de kit faak útdrûge te wêzen en is dus ûnbrûkber. De profesjonele kitter kin de kit dy’t oerbliuwt gewoan wer brûke by de folgjende klussen. Wol sa miljeufreonlik.

Dit wurket ek kostebesparjend, jo betelje allinnich de kit dy’t brûkt wurdt, net wat der oerbliuwt.

Ferfangen fan besteande kitfoegen

As kitfoegen âlder wurde kinne se skuorre of der raar útsjen. Ferfangen fan de kitfoegen is dan de iennichste oplossing. De âlde kitfoech moat hielendal ferwidere wurde, sûnder de ûndergrûn te beskeadigjen, wêrnei’t it nije kitfoech oanbrocht wurde kin. De nije kitfoech sil de muorren achter de plinten wer beskermje tsjin ophoopjen fan smoargens en der fris útsjen.

Foar it ferfangen fan de kitfoegen kinne jo it bêste in profesjoneel kitbedriuw as Kitservice Friesland ynskeakelje. Jo binne dan wis fan it moaiste resultaat en genietsje langer fan de prachtige ôfwurking.

vloer-visgraat-kitvoeg

Veelgestelde vragen (FAQ)

Troch alle naden en kieren ôf te kitten kin der gjin wetter yn de flier of wanden lekke. Mei it profesjoneel ôfkitte litten fan de flier en plinten foarkomme jo dus wetterskea oan de ûnderlizzende konstruksjes.

Oer it algemien kinne jo rekkenje op in libbensduer fan 5 oant 8 jier, wannear’t de kitfoegen troch in profesjoneel bedriuw as Kitservice Friesland oanbrocht binne. In langere libbensduer is seker mooglik, mar hinget ôf fan de omstannichheden. Wol is it saak om nei 5 jier geregeld te kontrolearjen op fersmoarging, skimmelgroei, barsten en skuorren.

As jo handich binne en in soad ûnderfining hawwe mei kitten, dan is dat seker mooglik. Betink wol dat as de kitfoegen net perfekt oanbrocht wurde, dit ier as let skuorren jaan sil. Om tiid, muoite en kosten te besparjen riede wy yn it algemien oan in profesjoneel kitbedriuw yn te skeakeljen.

As in kitfoech wetter trochlit is er oan ferfanging ta, mar dan binne jo nei alle gedachten al te let. Foartekens dat de kitfoech syn krêft ferliest binne:

  • Stiiffêste fersmoarging
  • Skimmelgroei
  • Barstjes en skuorren

Skeakelje op ’e tiid in profesjoneel kitbedriuw yn om de kitfoegen te beoardieljen, en eventueel te ferfangen. Sa foarkomme jo skea oan de ûnderlizzende konstruksje.

Kitservice Friesland ûntsoarget

By Kitservice Friesland is al it kitwurk oan jo plinten en flierren yn profesjonele hannen. Nim kontakt op en wy komme by jo del foar in saakkundich advys. Dêrnei krije jo oin priisopjefte mei in dúdlike omskriuwing fan de wurksumheden. Sa witte jo yn it foar presys wêr’t jo oan ta binne. By akkoart meitsje wy in ôfspraak wannear’t de klus útfierd wurde sil.

It wurkplak wurdt krekt like skjin of skjinner achterlitten as dat dy wie foar de klus. Fansels jouwe wy ek saakkundich advys oer hoe’t jo de kitfoegne it bêste ûnderhâlde kinne.

Kitservice Friesland ûntsoarget jo fan begjint oant ein op it mêd fan kitten en kitfoegjen.

Kitservice Friesland makket it ôf!