Keuken ôfkitte

De kitfoegen yn jo keuken foarkomme dat der wetter fia it oanrjocht of spielbak yn de kastkes lekke kin. Dêrneist soargje se dat smoargens him net ophoopje kin yn naden en kieren. Jo keuken giet langer mei en bliuwt in hygiënysk plak dat ienfâldich skjin te meitsjen is. Troch Kitservice Friesland yn te skeakeljen foar it kitten fan jo keuken, krije jo garandearre in prachtich resultaat dat lang meigiet.

Wêrom it goed moat

Kitservice Friesland naad tussen aanrechtblad en wandtegels afgekit in de keuken

It ôfkitten fan de keuken komt krekter as dat jo miskien ferwachtsje soene. De keuken krijt nammentlik nochal wat (hite) floeistoffen, itensresten, sjippe en wetter te ferduorjen. De kitfoegen moatte dêrom wetterticht wêze, tsjin in stjitsje kinne, mar ek moai egaal wêze sadat se maklik skjin te hâlden binne. Ek moatte se baktearje- en skimmelgroei tsjingean, sadat de keuken it hygiënyske plak bliuwt dêr’t jo ferantwurde itensiede kinne.

Om dit foarinoar te krijen is it belangryk de juste kit te brûken. Sa is der spesjale kit foar tegels, mar ek foar bygelyks spielbakken en kranen. Gebrûk fan de ferkearde kit kin liede ta beskeadigingen oan de ûndergrûn. 

Focht en itensresten jouwe skimmel

De kitfoegen yn de keuken krije deistich flink wat wetter mei itensresten te ferwurkjen. Dit kin fersmoarging en skimmelgroei feroarsaakje, wat ferkleuring jout en boppedat ûnhygiënysk is. Ek sil de kitfoech op den duer begjinne te lekken, wêrtroch’t der skea ûntstean kin oan de ûnderkonstruksje. Stevige reparaasjekosten en ûngemak binne it gefolch.

Troch de kitfoegen strak ôf te wurkjen foarkomme wy dat der ûnnoadich focht op de kitfoegen stean bliuwt en krijt fersmoarging folle minder kâns.

Goed kitwurk falt net op

In keuken fakkundich ôfkitte foarkomt net allinnich lekkaazjes, it soarget ek foar in kreaze en fersoarge útstrieling dy’t jo keuken strielje lit. It grutste komplimint dat wy krije is noch altyd dat it kitwurk (hast) net opfalt!

 

Sels dwaan of dwaan litte?

Kitservice Friesland keuken na afkitten

Mooglik tinke jo dat jo it kitten fan de keuken sels wol dwaan kinne, mar meastal is it dochs ferstanniger om in profesjonal yn te skeakeljen. In profesjoneel kitbedriuw wit nammentlik krekt hokker kit der brûkt wurde moat. Troch it gebrûk fan de goede materialen en profesjoneel ark, wurde de kitfoegen oeral superstrak en bliuwe se langer harren wurk dwaan.

Perfeksje fan de earste oant de lêste kitfoech

As jo sels oan de slach gean, is de kâns grut dat de earste kitfoegen wat minder moai binne, jo moatte der ommers “even ynkomme foardat it lekker giet”. Mei’t wy dei yn dei út oan it kitten binne, wurde alle kitfoegen fanselssprekkend perfekt.

Besparje tiid en muoite

Troch jierrenlange ûnderfining hoege wy net mear lang nei te tinken hokker kit wy brûke en hoe’t wy dy it bêste oanbringe. Wy gean fuort oan ’e slach. It kitten sels dogge wy, troch it brûken fan profesjonele kitten en ark, folle flugger as wannear’t jo it dogge.

Mei’t de kitfoegen langer goed bliuwe, besparje jo tiid en kosten op iertiidse reparaasjes en ferfanging. Koartsein: troch Kitservice Friesland yn te skeakeljen besparje jo hiel wat tiid en muoite. 

Sunich mei grûnstoffen, better foar it miljeu

By partikulieren ferdwynt nochal wat kit yn de kliko. Restanten wurde wol bewarre foar letter gebrûk, mar as it safier is blykt de kit faak útdrûge te wêzen en is dus ûnbrûkber. De profesjonele kitter kin de kit dy’t oerbliuwt gewoan wer brûke by de folgjende klussen. Wol sa miljeufreonlik.

Dit wurket ek kostebesparjend, jo betelje allinnich de kit dy’t brûkt wurdt, net wat der oerbliuwt.

Ferfangen fan besteande kitfoegen

As kitfoegen beskimmele binne, kinne se begjinne te lekken. Ferfangen fan de kitfoegen is dan de iennichste oplossing. De âlde kitfoech moat hielendal ferwidere wurde, sûnder de ûndergrûn te beskeadigjen, wêrnei’t it nije kitfoech oanbrocht wurde kin. De nije kitfoech sil de keuken wer beskermje tsjin lekkaazje en der fris útsjen.

Foar it ferfangen fan de kitfoegen kinne jo it bêste in profesjoneel kitbedriuw as Kitservice Friesland ynskeakelje. Jo binne dan wis fan it moaiste resultaat en genietsje langer fan jo prachtige keuken.

Kitservice Friesland keuken strakke afwerking aanrechtblad

Faakstelde fragen (FAQ)

Troch alle naden en kieren ôf te kitten kin der gjin wetter yn, of achter en ûnder it keukenblok lekke. Mei it profesjoneel ôfkitte litten fan jo keuken foarkomme jo dus wetterskea oan it oanrjochtblêd, it keukenblok, en de ûnderlizzende konstruksjes. Ek is de keuken folle ienfâldiger skjin te hâlden as dy fakkundich ôfkit is.

Oer it algemien kinne jo rekkenje op in libbensduer fan 5 oant 8 jier, wannear’t de kitfoegen troch in profesjoneel bedriuw as Kitservice Friesland oanbrocht binne. In langere libbensduer is seker mooglik, mar hinget ôf fan de omstannichheden. Wol is it saak om nei 5 jier geregeld te kontrolearjen op fersmoarging, skimmelgroei, barsten en skuorren.

Meardere soarten silikoanekit. Hokker soart brûkt wurdt is ôfhinklik fan de ûndergrûn. Alle kitsoarten dy’t brûkt wurde yn de keuken moatte wetterticht, fleksibel, duorsum en skimmelwarrend wêze.

As jo handich binne en in soad ûnderfining hawwe mei kitten, dan is dat seker mooglik. Betink wol dat as de kitfoegen net perfekt oanbrocht wurde, dit ier as let lekkaazje jaan sil. Om tiid, muoite en kosten te besparjen riede wy yn it algemien oan in profesjoneel kitbedriuw te freegjen foar it kitten fan jo keuken.

As in kitfoech wetter trochlit is er oan ferfanging ta, mar dan binne jo nei alle gedachten al te let. Foartekens dat de kitfoech syn krêft ferliest binne:

  • Stiiffêste fersmoarging
  • Skimmelgroei
  • Barstjes en skuorren

Skeakelje op ’e tiid in profesjoneel kitbedriuw yn om de kitfoegen te beoardieljen, en eventueel te ferfangen. Sa foarkomme jo skea oan de ûnderlizzende konstruksje.

Geregeld skjinmeitsjen ferlingt de libbensduer fan de kitfoegen yn de keuken. As jo it keukenblêd skjinmeitsje is it dus in goede saak om de kitfoegen dêrby ek mei te nimmen. Brûk gjin agressive skjinmakmiddels, dy sille de kitfoegen oantaaste, wêrtroch’t se lekken gean kinne. As fersmoarging net mear te ferwiderjen is mei in gewoan sopke, kinne jo de kitfoech better ferfange litte.

 

Geregelde kontrôle fan de kitfoegen is belangryk om skea troch lekkaazje te foarkommen. Seker as se âlder binne as 5 jier. Freegje hjirfoar eventueel jo kitbedriuw, dat kin oanjaan oft de kitfoegen al as net ferfongen wurde moatte.

Kitservice Friesland ûntsoarget

By Kitservice Friesland is al it kitwurk oan jo keuken yn profesjonele hannen. Nim kontakt op en wy komme by jo del foar in saakkundich advys. Dêrnei krije jo oin priisopjefte mei in dúdlike omskriuwing fan de wurksumheden. Sa witte jo yn it foar presys wêr’t jo oan ta binne. By akkoart meitsje wy in ôfspraak wannear’t de klus útfierd wurde sil.

It wurkplak wurdt krekt like skjin of skjinner achterlitten as dat dy wie foar de klus. Fansels jouwe wy ek saakkundich advys oer hoe’t jo de kitfoegne it bêste ûnderhâlde kinne.

Kitservice Friesland ûntsoarget jo fan begjint oant ein op it mêd fan kitten en kitfoegjen.

Kitservice Friesland makket it ôf!