De finishing touch foar jo wenning
Renovaasje of nijbou fan in hûs is in flinke ynvestearring. Hoe noflik is it dan om in hûs sûnder naden en kieren as einresultaat te sjen! Kitservice Friesland soarget dêrfoar. Troch jierrenlange ûnderfining yn kitwurk en it brûken fan profesjonele kitten wurdt jo hûs perfekt ôfwurke!
Tsjinsten
WC ôfkitte
In hygiënyske ôfwurking fan it lytste keammerke is belangryk. It fakkundich kitten fan jo wc foarkomt groei fan baktearjes en skimmels. En skjinmeitsjen wurdt in stik makliker.
Keuken ôfkitte
Is de nije keuken pleatst? Dan wolle jo fansels ek strakke kitfoegen foar in perfekte ôfwurkig. De kitfoegen soargje der ek foar dat hite of kâlde floeistoffen net achter jo keuken komme kinne.
Flierren en plinten ôfkitte
Is jo nije flier superstrak wurden? Dan wolle jo fansels ek strakke kitfoegen. Alle kieren en naden ferdwine as snie foar de sinne mei profesjoneel oanbrochte kitfoegen. Stof en oar hússmoargens krije gjin kâns.
Brêgefoechsystemen
Galerijfoegen hawwe hiel wat út te stean. Neist ferfoarming wurde de foegen ek bleatsteld oan de termyske wurking fan it beton, grutte wetterbelêsting, meganyske en/of puntbelêsting. Dêrtroch kinne slimme lekkaazjes ûntstean mei faak kostbere gefolgen.
De brêgefoechsystemen fan Kitservice Friesland binne de duorsume oplossing om problemen te foarkommen.
Swimbaden en sauna
It kitwurk oan swimbaden moat sekuer dien wurde. Troch de konstante gloar-, uv- en drukbelêsting wurde kitfoegen nammentlik swier belêste.
Mei de goeie kar fan de kit foarkomt Kitservice Friesland lekkaazjes en skimmels, jo kinne it gerêst oan ús oerlitte! Neist swimbaden kinne jo fansels ek by ús terjochte foar kitwurk oan sauna’s, whirlpools of stoombaden.
Ynfra en Miljeu kitfoegen
By ynfrastruktuer en miljeu wurde ekstra easken steld oan de robústens fan de kitfoegen. Gemyske stoffen en waarsynfloeden meie gjin neidielich effekt hawwe op de ôftichting. Kitservice Friesland soarget foar in kwalitative, goeie ôftichting neffens de jildende rjochtlinen.
Kitservice Friesland kit ek al jo:
- Treppen
- Natuerstien
- Kezinen & beglêzing
- Terrassen
- Galerijen
- Brânwarrend kitwurk
- Floeistoftichte tapassingen
- Floeistofkearende tapassingen
- Brânwarrende tapassingen
- Dilitaasjefoegen
- Lintfoegen
- Foertugen
Âlde kitfoegen ferfange (renovaasje)
Kitfoegen smoarch of beskimmele?
Beskimmele kitfoegen jouwe in smoarge útstrieling en binne min foar jo sûnens. Skimmels kinne ek lekkaazjes feroarsaakje, wêrtroch’t skea ûntstiet oan de ûnderkonstruksje. Hege reparaasjekosten binne it gefolch. Lit dêrom op ’e tiid jo kitfoegen fernije.
Skimmels ûntstean meastal troch ferkeard oanbrochte kit of de ferkearde soart kit. Min fentilearjen, âlde sjipperesten en/of ferkeard skjinmeitsjen meitsje it probleem slimmer.
De iennichste echte oplossing is it ferfangen fan de kitfoech.
Kitfoegen skuord?
Kitfoegen hawwe swier te lijen fan temperatuer- en fochtferskillen yn simmer/winter, de kieren en naden ‘wurkje’ nammentlik oan ien wei. Hjirtroch sil, as de kitfoech net professjoneel oanbrocht is of de ferkearde kit keazen is, de kit wer loslitte.
Kitservice Friesland hat in enoarme ûnderfining mei it kitten fan de meast útienrinnende materialen. Sadwaande wurdt altyd de perfekte kit keazen en optimaal oanbrocht. De kitfoech is hjirmei perfekt ôfstimd op sawol de breedte en djipte fan de foech, as op de materialen dêr’t de kit op oanbrocht wurdt.
Dus gjin skuorren mear, wêrtroch’t jo mear plezier oan it opknappen fan jo hûs belibje!
Kitservice Friesland makket it ôf!
By Kitservice Friesland is al jo kitwurk yn profesjonele hannen. Nim kontakt op en wy komme by jo lâns foar in saakkundich advys. Dêrnei krije jo in heldere priisopjefte mei in dúdlike omskriuwing fan de wurksumheden. Sa witte jo fan tefoaren presys wêr’t jo oan ta binne. By akkoart meitsje wy in ôfspraak wannear’t de klus útfierd wurde sil.
It wurkplak wurdt krekt like skjin of skjinner achterlitten as dat dy wie foar de klus. Fansels jouwe wy ek saakkundich advys oer hoe’t jo de kitfoegne it bêste ûnderhâlde kinne.
Kitservice Friesland ûntsoarget jo fan begjint oant ein op it mêd fan kitten en kitfoegjen.