WC ôfkitte

De kitfoegen om jo wc hinne foarkomme fochtophoopjen yn de rannen, sadat smoargens en baktearjes gjin kâns krije. It skjinmeitsjen fan de wc wurdt ienfâldiger mei profesjonele kitfoegen. As jo Kitservice Friesland ynskeakelje foar it kitten fan jo wc, krije jo garandearre in prachtich en hygiënysk reultaat.

Wêrom’t it goed moat

Kitservice-Friesland-afkitten-badkamer-detail

It kitten fan de wc is in klus dy’t noch wolris ûnderskat wurdt. Sa moat derfoar soarge wurde dat de ûndergrûn foldwaande skjin en drûch is. Oars sil de kit net goed hechtsje en sille der lekkaazjes ûntstean. Troch de juste kitsoart te brûken wurdt skimmelgroei tsjingien, wêrtroch’t de kitfoech langer wetterticht en spetterbestindich bliuwt. Troch alle kitfoegen superstrak oan te bringen wurdt foarkommen dat der ûnnoadich focht op de kitfoegen stean bliuwt.

Focht jout smoargens en baktearjes

Wy rjochtsje allegear keurich yn de wc-pot, mar it giet wolris mis. Dus geregeld skjinmeitsje is en bliuwt belangryk. Wannear’t de kitfoegen net 100% ticht binne, sil der focht yn achterbliuwe, wat baktearjes en skimmels de kâns jout om te groeien. In fakkundich oanbrochte kitfoech soarget derfoar dat de wc nei it skjinmeitsjen echt skjin is.

Goed kitwurk falt net op

In wc fakkundich ôfkitte foarkomt net allinnich lekkaazjes, it soarget ek foar in kreaze en fersoarge útstrieling fan de wc. It grutste komplimint dat wy krije is noch altyd dat it kitwurk (hast) net opfalt!

Sels dwaan of dwaan litte?

kitservice-friesland-toilet-afkitten

Mooglik tinke jo dat jo it kitten fan de wc sels wol dwaan kinne, mar meastal is it dochs ferstanniger om in profesjonal yn te skeakeljen. In profesjoneel kitbedriuw wit krekt hokker kit der brûkt wurde moat. Troch it gebrûk fan de goede materialen en profesjoneel ark, wurde de kitfoegen oeral superstrak en bliuwe se langer harren wurk dwaan.

Perfeksje fan de earste oant de lêste kitfoech

As jo sels oan de slach gean, is de kâns grut dat de earste kitfoegen wat minder moai binne, jo moatte der ommers “even ynkomme foardat it lekker giet”. Mei’t wy dei yn dei út oan it kitten binne, wurde alle kitfoegen fanselssprekkend perfekt.

Besparje tiid en muoite

Troch jierrenlange ûnderfining hoege wy net mear lang nei te tinken hokker kit wy brûke en hoe’t wy dy it bêste oanbringe. Wy gean fuort oan ’e slach. It kitten sels dogge wy, troch it brûken fan profesjonele kitten en ark, folle flugger as wannear’t jo it dogge.

Mei’t de kitfoegen langer goed bliuwe, besparje jo tiid en kosten op iertiidse reparaasjes en ferfanging. Koartsein: troch Kitservice Friesland yn te skeakeljen besparje jo hiel wat tiid en muoite. 

Sunich mei grûnstoffen, better foar it miljeu

By partikulieren ferdwynt nochal wat kit yn de kliko. Restanten wurde wol bewarre foar letter gebrûk, mar as it safier is blykt de kit faak útdrûge te wêzen en is dus ûnbrûkber. De profesjonele kitter kin de kit dy’t oerbliuwt gewoan wer brûke by de folgjende klussen. Wol sa miljeufreonlik.

Dit wurket ek kostebesparjend, jo betelje allinnich de kit dy’t brûkt wurdt, net wat der oerbliuwt.

Ferfangen fan besteande kitfoegen

As kitfoegen beskimmele binne, kinne se begjinne te lekken. Ferfangen fan de kitfoegen is dan de iennichste oplossing. De âlde kitfoech moat hielendal ferwidere wurde, sûnder de ûndergrûn te beskeadigjen, wêrnei’t it nije kitfoech oanbrocht wurde kin. De nije kitfoech sil jo wc wer beskermje tsjin lekkaazje en der fris útsjen.

Foar it ferfangen fan de kitfoegen kinne jo it bêste in profesjoneel kitbedriuw as Kitservice Friesland ynskeakelje. Jo binne dan wis fan it moaiste resultaat en genietsje langer fan in kreaze en hygiënyske wc.

wc-afkitten

Faakstelde fragen (FAQ)

Troch alle naden en kieren om de wc hinne ôf te kitten kin focht en smoargens him net ophoopje. Ek giet it skjinmeitsjen (en skjin hâlden) in stik makliker. Hjirtroch krije skimmels en baktearjes gjin kâns om te groeien, wol sa hygiënysk!

Oer it algemien kinne jo rekkenje op in libbensduer fan 5 oant 8 jier, wannear’t de kitfoegen troch in profesjoneel bedriuw as Kitservice Friesland oanbrocht binne. In langere libbensduer is seker mooglik, mar hinget ôf fan de omstannichheden. Wol is it saak om nei 5 jier geregeld te kontrolearjen op fersmoarging, skimmelgroei, barsten en skuorren.

Meardere soarten silikoanekit. Hokker soart brûkt wurdt is ôfhinklik fan de ûndergrûn. Alle kitsoarten dy’t brûkt wurde yn de keuken moatte wetterticht, fleksibel, duorsum en skimmelwarrend wêze.

As jo handich binne en in soad ûnderfining hawwe mei kitten, dan is dat seker mooglik. Betink wol dat as de kitfoegen net perfekt oanbrocht wurde, dit ier as let lekkaazje jaan sil. Om tiid, muoite en kosten te besparjen riede wy yn it algemien oan in profesjoneel kitbedriuw te freegjen foar it kitten fan jo wc.

As in kitfoech wetter trochlit is er oan ferfanging ta, mar dan binne jo nei alle gedachten al te let. Foartekens dat de kitfoech syn krêft ferliest binne:

  • Stiiffêste fersmoarging
  • Skimmelgroei
  • Barstjes en skuorren

Skeakelje op ’e tiid in profesjoneel kitbedriuw yn om de kitfoegen te beoardieljen, en eventueel te ferfangen. Sa foarkomme jo skea en ûnhygiënyske omstannichheden.

Jo kinne de kitfoegen mei in sopke skjinmeitsje. Eventueel kinne jo de kitfoech dêrnei drûch meitsje mei in doekje. Hjirmei foarkomme jo skimmelfoarming en fermoarging.

Geregelde kontrôle fan de kitfoegen is belangryk om skea troch lekkaazje te foarkommen. Seker as se âlder binne as 5 jier. Freegje hjirfoar eventueel jo kitbedriuw, dat kin oanjaan oft de kitfoegen al as net ferfongen wurde moatte.

Kitservice Friesland ûntsoarget

By Kitservice Friesland is al it kitwurk oan jo wc yn profesjonele hannen. Nim kontakt op en wy komme by jo del foar in saakkundich advys. Dêrnei krije jo oin priisopjefte mei in dúdlike omskriuwing fan de wurksumheden. Sa witte jo yn it foar presys wêr’t jo oan ta binne. By akkoart meitsje wy in ôfspraak wannear’t de klus útfierd wurde sil.

It wurkplak wurdt krekt like skjin of skjinner achterlitten as dat dy wie foar de klus. Fansels jouwe wy ek saakkundich advys oer hoe’t jo de kitfoegne it bêste ûnderhâlde kinne.

Kitservice Friesland ûntsoarget jo fan begjint oant ein op it mêd fan kitten en kitfoegjen.

Kitservice Friesland makket it ôf!